News |
Frisian translation The Hobbit
December 7, 2009
Submitted By apopkema
Comment on This
Email to a Friend
Digg This
Fier oer de Diisbergen kâld,
Nei tsjerkers djip en grotten âld,
Wy moatt' hjirwei foar dage en dei
Op syk nei 't goud fan eartiids wrâld.
Dwerch fan doe sei spreuk fan macht,
Syn hammer slacht mei kâlde kracht.
Oer steeën djip, dêr't tsjuster sliept,
Yn sealen wiid hold ûnrêst wacht.
Dêr garren kening en elvehear
Glânzjend goud, noch mear, noch mear!
Hja sochten en kroepen en skepten en skoepen,
Smeiden yn gleonens swurd en spear.
(...)
Yn de stêd waard de needklok slein,
Minsken skeaten yn ûnstjoer oerein:
Doe, oan 'e kime, de draak yn grime,
Har huzen tegruze, har lok ferflein.
De bergen dampten yn 't moanneljocht,
De dwergen, alhiel yn ûnstjoer brocht,
Flechten ûntkrêft' yn harren grêf,
Waarden fertrape yn 't moanneljocht.
Comment on This
Email to a Friend
Digg This
Get more information on this article's topic here:
The Reading Room :
Poetry :

